Загрузка страницы

Fryslân DOK: Us Atsje

Friezen hawwe altyd in grutte mûle oer it reedriden, sy soenen it útfûn hawwe. Mar ynternasjonaal dogge de Friezen pas echt mei fan de jierren '70 fan de foarige ieu ôf. Doe kaam Fryslân dan ek mei in klap deryn brûzen, mei de reedridende mem Atsje Keulen-Deelstra.

Atsje waard berne yn 1938 en groeide op tusken Reduzum en Grou. Sy waard in pear kear Frysk kampioen by de famkes. Dêrnei bleau it in skoftke stil. Sy troude, krige trije bern en fêstige harsels yn Jirnsum. Doe't keunstiisbaan Thialf boud waard op It Hearrenfean yn de sechtiger jierren, wie sy reedrydfanaat genôch om wer te begjinnen mei trainen. Yn 1969 waard sy sânde op it Nederlânsk kampioenskip, genôch om yn de nasjonale kearnploech te kommen. Mar de KNSB besleat: "31 jier en trije bern, dat dogge wy net". Doe begûn Atsje Keulen-Deelstra hiel hurd te trainen, de hiele simmer lang. It seizoen dêrop waard se Nederlânsk en wrâldkampioen. Har karriêre naam fan doe ôf in grutte flecht mei ferskate wrâldtitels en Europeeske allroundtitels, trije Olympyske medaljes en letter noch tal fan titels by it maratonreedriden.

Ferline jier yn febrewaris ferstoar Atsje Keulen-Deelstra. In jier letter en flak foar de Olympyske Spelen yn Sotsji komt sy yn Fryslân DOK noch ien kear ta libben, yn âlde bylden en yn it ferhaal fan har dochter Boukje.

Ek te sjen op Nederlân 2 op sneon 1 febrewaris om 10:25 oere en op snein 2 febrewaris om 15:25 oere.

Видео Fryslân DOK: Us Atsje канала Omrop Fryslân
Показать
Комментарии отсутствуют
Введите заголовок:

Введите адрес ссылки:

Введите адрес видео с YouTube:

Зарегистрируйтесь или войдите с
Информация о видео
1 февраля 2014 г. 22:59:27
00:29:42
Яндекс.Метрика