Загрузка страницы

Fryslân DOK: Famyljebedriuw Spanninga

Famyljebedriuw Spanninga

Dizze wike bringt It paad werom in bedriuw mei in ryk ferline yn byld. It famyljebedriuw Spanninga stiet sûnt har ûntstean al op itselde plak: wat efterôf op 'e Jouwer, mei inkeld in boerd op 'e dyk. Famyljebedriuwen, sa't wy eartiids sa folle yn Fryslân hienen, mar dy't mei it grutter wurden yn NV's of koöperaasjes feroaren. Spanninga bleau Spanninga, en wist him grutskalich út te wreidzjen.

Pake Hotso Spanninga begûn mei it bedriuw yn 1918, yntusken sit de tredde generaasje der yn. It bedriuw makket efterljochten, fytsefterljochten. Fan in lyts bedriuw út De Jouwer is it famyljebedriuw Spanninga útgroeid ta in bedriuw mei wrâldwiid ferskate festigings. Sy hawwe yntusken al fjouwer bedriuwen yn Sina, Taiwan en Frankryk.

Njonken de groei en de hjoeddeistige posysje, is de rike histoarje fan it bedriuw noch altyd sichtber. De âlde masyntsjes steane allegear noch op 'e Jouwer en wurde sa no en dan noch brûkt. Al it âlde is der noch. Tongersdei 1 novimber it weromsjen nei in famyljebedriuw mei in sterke ûntwikkeling, mei behâld fan it âlde.

Видео Fryslân DOK: Famyljebedriuw Spanninga канала Omrop Fryslân
Показать
Комментарии отсутствуют
Введите заголовок:

Введите адрес ссылки:

Введите адрес видео с YouTube:

Зарегистрируйтесь или войдите с
Информация о видео
1 ноября 2012 г. 21:54:02
00:27:57
Яндекс.Метрика