Загрузка страницы

Fryslân DOK: Stêd fan Kij & Hynders

Stêd fan Kij & Hynders

Op de fjirde woansdei fan septimber is it feest yn Warkum, want dan is der de tradisjonele feekeuringsdei. Moarns de kij op de Merk en middeis it tugen op It Súd. Dit jier waard de feekeuringsdei foar de 112e kear hâlden en Fryslân DOK folge in dei lang de organisaasje en dielnimmers. Jacob van der Valk is de iennichste stedsboer fan Fryslân. Syn pleats leit oan It Súd en de kij weidzje tusken stêd en seedyk. Al foar de oarloch die de famylje mei oan de keuring en ek soan Pieter is fan doel om de pleats oer te nimmen en de tradysje fan de keuring troch te setten. Op de dei sels helpt de hiele famylje mei. Sels Van der Valks broer, dy't yn België buorket, komt dy dei nei Warkum. Soene der dit jier wer kampioenen by sitte?

Frits de Jong fan Tsjerkgaast is in hynsteman yn ieren en sinen. Syn Friezen binne syn passy. As hy op de sjeas oer it strjitteparkoers fan Warkum jaget, dan slacht it hert him as in lammesturtsje. Hy traint fanatyk om syn hynders noch better foar it ljocht te bringen. Syn dochter Setske is faak noch fûler as sy op de bok sit.

De famyljes Van der Valk en De Jong wurde yn dizze dokumintêre folge by de tariedings foar dizze spesjale dei, mar ek oaren komme op 'e tekst oer de betsjutting fan de feekeuringsdei yn Warkum. Fansels binne de haadrolspilers ek wiidweidich te sjen: de kij en de hynders dy't dizze dei sa bysûnder meitsje.

Видео Fryslân DOK: Stêd fan Kij & Hynders канала Omrop Fryslân
Показать
Комментарии отсутствуют
Введите заголовок:

Введите адрес ссылки:

Введите адрес видео с YouTube:

Зарегистрируйтесь или войдите с
Информация о видео
23 октября 2012 г. 17:49:47
00:27:46
Яндекс.Метрика